Gaslek yn Grou

27 maaie 2009 - 15:47

Yn de Oostergoostrjitte yn Grou hat woansdei in gaslek west. In kraan hie in gasbuis rekke by wurksumheden en dêrtroch kaam der flink wat gas frij. Dat wie yn de hiele strjitte te rûken. Der wie gjin eksploazjegefaar. De brânwacht waard ynskeakele. Dy hat in part fan de strjitte ôfset.

It gasbedriuw moast it gaslek tichtmeitsje. It gas hoegde dêrfoar net ôfsletten te wurden, dat minsken yn de Oostergoostrjitte hawwe net sûnder sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)