Rjochtsaak oanfal op Alves

27 maaie 2009 - 14:46
  • In Sweed soe Alves bedrige hawwe

In ynwenner (28) fan Helsingborg stiet foar de rjochter foar it oanfallen fan âld-Hearrenfeanspiler Afonso Alves. Dat meldt de Sweedske krante Kvällsposten Expressen. De fertochte soe de lieder west ha fan hooligans dy't yn oktober 2007 it hotel bestoarmen dêr't de spilers fan Hearrenfean op dat stuit sieten.

Ferskate spilers, wêrûnder Alves, binne it hotel doe útflechte. Hearrenfean spile doe tsjin Helsingborg foar de UEFA-cup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)