Fryslân foar saaklike toerist

Startskot kampanje Saaklik Toerisme
Yn 2013 moatte der twa kear safolle saaklike toeristen nei Fryslân komme as no it gefal is. Dat is de doelstelling fan Friesland Marketing. No komme der sa'n 235.000 minsken nei Fryslân foar ûnder mear gearkomsten, ekspoasysjes, beurzen en konserten. Dat moatte oer fjouwer jier dus minimaal 500.000 wurde.
Woansdei sette it promoasjeburo yn gearwurking mei provinsje, Ljouwert en bedriuwen út ein mei de kampanje Saaklik Toerisme.