Keurmerk foar strân It Amelân

27 maaie 2009 - 12:13
  • Amelanner strân krijt Europeesk keurmerk

It strân fan It Amelân hat it Europeesk keurmerk Quality Coast krigen. Dat keurmerk wurdt útrikt oan kuststreken dy't bysûndere ynspanningen dien ha op it mêd fan toerisme, miljeusoarch, it behâld fan it lânskip en de eigen identiteit. Dêrmei geane se de negative gefolgen fan massatoerisme tsjin.

It ûnôfhinklik Europeesk keurmerk is oan tolve kuststreken útrikt, wêrûnder fiif yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)