Genôch dien oan lêst hoannen

27 maaie 2009 - 11:40

De gemeente Menameradiel hat genôch dien om oerlêst troch hoannen yn it bûtengebiet fan Dronryp foar te kommen. Dat fynt de Ried fan Steat. In bewenner fan dat bûtengebiet hie de Ried fan Steat frege de gemeente te twingen om yn te gripen by syn buorman, dy't de hoannen hâldt.

De bewenner seit dêr al jierren in soad lêst fan te hawwen. De hoannehâlder hat yn opdracht fan de gemeente maatregels naam om de oerlêst te beheinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)