Ekstra parkearplakken Drachten

27 maaie 2009 - 11:14

Drachten krijt der yn it sintrum de kommende jierren 800 parkearplakken by. Dy wurde realisearre yn twa parkeargaraazjes dy't boud wurde ûnder it Raadhuisplein en de Vogelzang. De fergese parkearplakken dy't no noch yn it sintrum binne ferhúzje mear nei de bûtenwiken.

Om foar te kommen dat minsken har auto's massaal yn de wenwiken om it sintrum parkeare, komme dêr mear sônes foar fergunninghâlders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)