Jildkrapte 'Knappe Koppen'

© Omrop Fryslân
De stifting Knappe Koppen dy't tûke Friezen yn de skynwerpers sette wol mei tsien grutte eveneminten, hat noch in grut tekoart oan jild. Sa is der noch gjin definityf beslút fallen oer de subsydzje en de syktocht nei sponsors moat noch begjinne.
Der is goed 1 miljoen euro nedich en goed 300.000 dêrfan moat fan sponsors komme. De ûnderhannelings dêroer mei it bedriuwslibben moatte noch begjinne. Lege sponsorbedraggen moatte bedriuwen oer de drompel helpe.