Aldemardumer (72) ferûngelokke

© Omrop Fryslân
In 72-jierrige man út Aldemardum is tiisdei yn it sikehûs fan Snits ferstoarn oan de gefolgen fan in ûngelok. De man wie yn Rûgehuzen in krúspunt oerstutsen sûnder goed út te sjen. In autobestjoerder besocht him te ûntwiken, mar dat slagge net.
It slachtoffer is hastich nei it sikehûs brocht en is dêr de jûns ferstoarn. De autobestjoerder krijt slachtofferhelp oanbean.