Ivan Pel (61) ferstoarn

© Omrop Fryslân
Yn syn wenplak Easterwâlde is tiisdei Ivan Pel ferstoarn. Pel wie goed 25 jier wurksum by de Ljouwerter skouboarch De Harmonie as programmeur. Fierder wie er behelle yn allerhanne kulturele eveneminten lykas Liet, Liet Ynternasjonaal, it Noardelik Filmfestival, Freeze, it Middelsee Jazz Treffen en resintlik noch it Fries Straatfestival.
Ivan Pel krige in hertoanfal. Hy is 61 jier wurden. Pel wurdt op tiisdei 2 juny betocht yn De Harmonie.