Kampioenskompetysje Hark. Boys

26 maaie 2009 - 22:12

IJsselmeervogels is útskeakele foar it kampioenskip by de sneonshaadklassers. De ploech fan âld-Cambuur trainer Roy Wesseling ferlear op it eigen sportpark De Westmaat mei 3-2 fan Rijnsburgse Boys. By it skoft stie de ploech út Rijnsburg al op in 2-0 foarsprong. De 'Vogels' kamen dochs wer op 2-2, mar yn de 82ste minút waard it 3-2 foar Rijnsburgse Boys.

Harkemase Boys spilet sneon op it eigen fjild tsjin IJsselmeervogels en in wike letter by Rijnsburgse Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)