Mooglik ekstra plakken Cambuur

Mooglik kinne noch wat mear supporters by de wedstriid tsjin Roda
Cambuur wol needtribunes pleatse by de thúswedstryd fan tongersdei tsjin Roda JC. It giet om 150 plakken foar de westtribune. De club hopet hjir tastimming foar te krijen fan de gemeente Ljouwert. Sadree't de tastimming der is, sil dit bekend makke wurde.
De ekstra plakken binne inkeld foar seizoenskaarthâlders. De gewoane kaarten wiene tiisdei yn goed twa oeren útferkocht. Der wurde ek al kaarten op ynternet te keap oanbean.