Schrieversronte wint priis

De Stellingwarver Schrieversronte krijt de H.J. Bergveldpriis
De Stellingwarver Schrieversronte hat de H.J. Bergveldpriis wûn. Dat is in literêre priis fan de gemeenten East- en Weststellingwerf. De priis is foar de sânde kear útrikt. De oerlanging is 17 juny.
De H.J. Bergveldpriis is bestimd foar literêr of taalkundich wurk yn it Stellingwerfsk. De priis bestiet út in penning en tûzen euro. Yn 2003 waard de H.J.Bergveldpriis foar it lêst útrikt. Doe krige taalkundige Henk Bloemhoff de priis.