Artsen fytse foar Tanzania

26 maaie 2009 - 14:01

Gynekologen fan sikehûs MCL yn Ljouwert dogge mei oan in sponsorfytstocht. Doel is om jild yn te sammeljen foar in soarchprojekt yn Tanzania. De dielnimmers fan it MCL binne twa gynekologen, ien gynekolooch yn oplieding en in pinsjonearre gynekolooch.

De sponsorfytstocht is fan 4 oant 7 juny. It jild dat ynsammele wurdt, wurdt brûkt om de ferloskundigesoarch yn it Kilwa-distrikt yn it suden fan Tanzania te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)