Studinten hâlde muzykfestival

Silva Soepboer en Tjeerd Barkmeijer
De Fryske konservatoariumstudinten Silva Soepboer en Tjeerd Barkmeijer ha moandei yn Grins in unyk projekt útfierd yn it ramt fan har stúdzje. Foar it nije fak ûndernimmende muzikant waard in hafabrafestival hâlden yn it Prins Claus Conservatorium. De twa studinten ha sels alles regele.
De Fryske studinten binne yn Nederlân ien fan de earsten dy't yn it ramt fan dit fak in projekt útfiere.