Auto nei 4 moanne boppe wetter
Yn it Prinses Margrietkanaal by Stynsgea ha dûkers nei hast 4 moannen in auto weromfûn. De auto bedarre 1 febrewaris yn it kanaal. Doe wie de auto net te finen. En ek in syktocht mei in dregboat smiet neat op.
By in oefening fan dûkers fan de brânwacht fan De Westereen waard de wein lang om let fûn. De auto lei fêstsûgd yn 'e fargeul, mear as seis meter djip. In bergingsbedriuw hat de auto, mei de nedige muoite, boppe wetter helle.