Monissen nei De Friesland

26 maaie 2009 - 12:05

De 53-jierrige Diana Monissen wurdt de nije foarsitter fan de ried fan bestjoer fan De Friesland. Se folget Hans Feenstra op by de soarchfersekerder. Feenstra is 1 april nei it Martinisikehûs yn Grins gong.

Monissen is no noch direkteur-generaal kurative soarch by it ministearje fan folkssûnens. Se begjint 1 septimber yn har nije funksje. De lederied fan De Friesland hat moandei ynstimd mei har beneaming.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)