Plysje nimt auto yn beslach

26 maaie 2009 - 10:38

De plysje hat moandei de auto fan in 21-jierrige Ljouwerter yn beslach naam. By in snelheidskontrôle kaam de man mei hast 175 kilometer yn de oere foarby riden. Doe't de plysje de bestjoerder oan de kant sette woe, joech er noch mear gas. Hy kaam út op 200 kilometer yn 'e oere.

De man koe úteinlik by Mullum oanhâlden wurde. Omdat er syn rydbewiis net by him hie, hat de plysje syn auto yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)