Wedstriid Cambuur útferkocht

26 maaie 2009 - 09:03
  • Der stie al in lange rige tiisdeitemoarn
  • De kaarten wiiene yn goed twa oeren al útferkocht

De wedstriid fan Cambuur tsjin Roda is útferkocht. Tiisdei om njoggen oere is de ferkeap begûn foar kaarten foar de finale fan de play-offs dy't tongersdei spile wurdt. Foar de kassa's stiene al betiid lange rigen. Meielkoar wiene 10.200 kaarten beskikber foar de wedstriid.

Direkteur Pama ferwachte al dat de wedstryd tiisdei útferkocht reitsje soe. Yn twa-en-in-healoere wiene de kaarten fuort. De returnwedstriid wurdt takom snein spile yn Kerkrade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)