Brân troch wjerljocht

Troch wjerljocht hat der moandeitenacht brân west yn twa wenningen yn de provinsje. Yn Burgum baarnde de boppeferdjipping fan in hûs út. De bewenners koene op 'e tiid út de wenning helle wurde. De brânwacht hie it fjoer nei in oere ûnder kontrôle. De wenningen fan de buorlju hawwe fikse reek- en wetterskea oprûn.
Yn Drachten wie brân yn in hûs yn de Leeuwerikstrjitte. Dêr rekke it dak yn 'e brân. De skea foel ta, de brânwacht hat it dak wiet holden.