Duorsume plannen foar E'werf

25 maaie 2009 - 22:44

Goed 250 ynwenners fan Eaststellingwerf hawwe by de gemeente plannen yntsjinne om de gemeente duorsumer te meitsjen.

Wethâlder Van Weperen (VVD) hat de ôfrûne wiken op paad west troch de gemeente en minsken frege nei te tinken oer hoe't saken miljeufreonliker kinne. In grut part fan de yntsjinne ideeën hat te krijen mei duorsume enerzjy. Foar helbere plannen leit 30.000 euro klear om se te realisearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)