Cambuur wint wer fan Zwolle

Sandor van der Heide skoarde wer foar Cambuur
Cambuur hat yn in útferkocht eigen stadion moandei mei 2-0 it beslissingsduel fan Zwolle wûn. Tongersdei spylje se no yn de finale fan de play-offs thús tsjin Roda JC, de return is snein yn Kerkrade.
Nei in heal oere skoarde Sandor van der Heide de 1-0. Yn de blessueretiid fan de earste helte makke Koen Brack der mei in strafskop 2-0 fan. Yn de twadde helte krige Zwolle noch wol de noadige kânsen, mar ta tsjingoals kaam it net.