Lege BTW-taryf wettersport

25 maaie 2009 - 22:35

De Fryske wettersportsektor soe folle mear dwaan kinne oan ynnovaasje en promoasje as ek foar har it lege BTW-taryf fan 6% yn stee fan 19% jildt. Dat seit regiokonsulint Jan Ybema fan de Hiswa. De organisaasje wol dat ek foar syl- en farskoallen it lege taryf hantearre wurdt.

Undernimmers hâlde dan mear jild oer. Sy kinne dêrmei ynvestearje yn promoasje en ynnovaasje. Ek kinne weromrinnende ynkomsten troch de kredytkrisis makliker opfongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)