Europeesk jild foar boeren

25 maaie 2009 - 20:15
  • Boeren kinne mooglik jild út Europa krije

Boeren yn de Europeeske Uny kinne dizze hjerst in foarskot krije op bepaalde subsydzjes om sa de grutste jildpine wat minder te meitsjen. Europees Kommissaris Mariann Boel hat dat moandei sein yn it beried fan de ministers fan lânbou. It giet dan om in foarskot fan 70% fan subsydzjes dy't oars yn desimber betelle wrude.

It is noch net wis oft minister Verburg fan lânbou de Europeeske maatregel tapasse sil, omdat der in soad administraasje achterwei komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)