Kollumerlân 'praat mar Frysk'

Kollumerlân docht ek mei oan de kampanje Praat mar Frysk
Kollumerlân is de fyfde gemeente yn Fryslân dy't wurk makket fan de kampanje 'Praat mar Frysk'. Kommende tongersdei giet de kampanje los mei ûnder oare gitarist Kevin Wolters, de bern fan de Casimir-skoalle út Kollum en Eppie Dam. Neist muzyk binne ek de buttons, stickers en de lippen fan Doutzen Kroes fan de partij.
Neffens in ûndersyk fan de Afûk skoart Kollumerlân op it mêd fan taalbehearsking boppegemiddeld, it Frysk is dêr krekt in mearderheidstaal.