Stadionferbod foar Cambuurfans

25 maaie 2009 - 18:51

Sân Cambuursupporters hawwe nei de wedstriid tsjin Zwolle fan freed in stadionferbod krigen. Fjouwer binne oppakt foar iepenlike geweldpleging bûten it stadion nei de wedstriid. En trije oaren binne oanhâlden foar it goaien mei bier yn it stadion.

Cambuur wol de supporter dy't in bierfleske op it fjild goaide ek in stadionferbod jaan, mar hy wurdt ek strafrjochtlik ferfolge, want de keeper fan Zwolle sil oanjefte tsjin him dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)