Boubedriuw Julianus oernaam

25 maaie 2009 - 16:53

Boubedriuw Julianus yn Marsum is oernaam troch boubedriuw Kolthof yn Stiens. Julianus waard ein april fallyt ferklearre, omdat it bedriuw net genôch opdrachten hie.

Kolfthof sjocht yn Julianus in kâns om út te wreidzjen. Julianus hâldt him benammen dwaan mei ûnderhâlds- en restauraasjewurk. De oername hat net in soad gefolgen foar it Marsumer bedriuw. De namme Julianus bliuwt bestean, de festiging yn Marsum bliuwt iepen en de meiwurkers hâlde wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)