GKB fuseart mei Stadsbank

25 maaie 2009 - 16:30

Gemeentlike kredytbank GKB yn Ljouwert fuseart mei Stadsbank Midden Nederland út Almere. De twa kredytbanken geane fan 1 jannewaris ôf fierder ûnder de namme Kredietbank Nederland.

De nije bank wurdt mei 80 opdrachtjouwers de grutste fan it lân. Yn dizze foarm tinkt de direksje mear opdrachten binnen te heljen. Fierder sil de kwaliteit fan it personiel omheech gean. Dit is nedich omdat de regels fan de skuldhelpferliening hieltiid dreger wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)