Grindheim yn Noarsk alvetal

Grindheim sil besykje om it Oranje lestich te meitsjen...
Bûnscoach Egil Olsen fan Noarwegen hat middenfjilder Christian Grindheim fan SC Hearrenfean oproppen foar de twa WK-kwalifikaasjewedstriden fan begin juny tsjin Masedoanië en Nederlân.
Olsen makke moandei syn seleksje fan 21 spilers bekend. Noarwegen spilet op 10 juny yn en tsjin Nederlân. Grindheim is al langer ynternasjonal. Hy makke by in earder optreden foar syn heitelân yndruk troch yn in wedstriid tsjin Dútslân de iennichste en dus winnende goal te skoaren.