Provinsje wol trekkerstroken

25 maaie 2009 - 15:07

Trekkers en oare lânboumasines meie meikoarten ek op provinsjale diken ride. Om it oare ferkear net te hinderjen moatte der dan lange stroken neist de dyk komme, sadat trekkers wol ynhelle wurde kinne. Dy trekkerstroken binne ûnderdiel fan in nije oanpak fan it lânbouferkear.

Fierder wol de provinsje dat boeren mear gebrûk meitsje fan inoars betonpaden, sadat se minder op de iepenbiere dyk hoege te riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)