Friesland College: banen fuort

25 maaie 2009 - 15:04

By it Friesland College yn Ljouwert en op It Hearrenfean ferdwine 36 foltiidsbanen, ferdield oer 40 oant 45 minsken. It giet om minsken mei in tydlik kontrakt.

It Friesland College moat dit jier fiif miljoen euro besunigje. Yn earste ynstânsje waard tocht dat der troch natuerlik ferrin wol minsken fuortgean soene, mar troch de minne arbeidsmerk bliuwe in soad minsken. De 40 oant 45 minsken dêr't it om giet hawwe de ôfrûne dagen berjocht krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)