Plysje nimt rydbewizen yn

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemiddei fan twa minsken it rydbewiis ynnommen omdat se fierstente hurd rieden. Op de Pieter Stuyvesantwei by Spangea ried in 26-jierrige motorrider 158 km de oere, wylst dêr 80 tastien is.
Op de N31 by Goutum hie in automobilist út Grou 138 km op de teller stean, wylst op dat stik dyk in maksimum snelheid fan 70 jildt. Beide manlju waarden mei in lasergun trapearre. Se krigen fierder noch in proses-ferbaal.