Briedpeallen sweltsjes te let

swellenêst yn Hylpen
De inisjatyfnimmers fan briedpeallen foar wytgatsweltsjes yn Hylpen binne lulk op it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Dy sille takom wike de peallen pleatse, mar neffens de inisjatyfnimmers is dat te let.
Fan 'e 200 briedpearkes dy't jierliks nei Hylpen komme, binne noch mar sa'n hûndert oer. De sweltsjes koene altyd te plak yn de dakgoaten fan in âlde wenwyk, mar dy is dit jier sloopt. De peallen soene dy romte ferfange moatte en hiene der al lang stean moatten.