Nederlânske F-16's nei Sily

25 maaie 2009 - 11:05

Sily keapet 18 oerstallige F-16 gefjochtsfleantugen fan Nederlân. Steatssiktaris Jack de Vries skriuwt yn in brief oan de Twadde Keamer dat er it iens wurden is mei it lân yn Súd-Amearika. It is it doel dat Nederlân de earste tastellen yn 2010 leveret.

Nei alle gedachten krijt Nederlân sa'n 100 miljoen euro foar de F-16's, mar definsje wol gjin bedrach neame. Sily krijt njonken de tastellen ek de nedige stipe foar de oplieding fan Sileenske technisy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)