Jonge net yn kanaal smiten

25 maaie 2009 - 10:43
  • De jonge wie net yn it wetter treaun, mar fallen....

It ferhaal fan de jonge (14) dy't freed by Harns yn it van Harinxmakanaal smiten wêze soe, kloppet net. De jonge hat it ferhaal betocht, seit de plysje. De jonge hie sein dat der in diskriminearjende opmerking tsjin him makke wie en dat er yn it wetter smiten wie. Yn werklikheid wie er oan it farren mei twa freonen en foel er út de boat.

De jonge hat it ferhaal betocht omdat er benaud wie foar de reaksje fan syn heit en mem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)