Motorrider rekket yn 'e sleat

25 maaie 2009 - 10:34

Op de Himdyk by Tsjerkwert is sneintejûn in motorrider ferwûne rekke by in ûngelok. Hy wie de kontrôle oer syn motor kwyt rekke op de lytse stientsjes op de dyk. De motor sloech oer de kop en bedarre mei de bestjoerder yn de sleat.

It slachtoffer, in man út Lippenhuzen, rekke ferwûne oan syn foet. Hy is mei de sikeauto nei it Antoanius sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)