Te hurd farre troch Ljouwert

© Omrop Fryslân
Op it wetter by Ljouwert binne snein ferskate minsken oanhâlden troch de plysje omdat se te hurd fearen. De plysje hie klachten krigen út de buert. De plysje wie noch mar krekt op it wetter doe't de earste boat al hurd farrend foarby kaam. Der siet in jonkje fan 12 op. Hy krige earst in warskôging, mar gong letter opnij yn de fout en hat doe in boete krigen.
In frou út Goutum krige in boete fan 360 euro omdat se gjin farbewiis hie en omdat har boat net registreard stie.