Lantearnepeal omriden

© Omrop Fryslân
Op de Selshelpwei yn Snits is sneintejûn in auto tsjin in lantearnepeal oanriden. De peal is dêrtroch hielendal fernield. In tsjûge seach dat it barde en notearde it kentekennûmer fan 'e auto.
De auto ried nei de oanriding fuort, mar mei help fan it kenteken koe de auto letter troch de plysje fûn wurde. It die bliken dat de bestjoerder tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen troch de plysje.