30 Fryske boeren nei Brussel

25 maaie 2009 - 09:31

Sa'n tûzen melkfeehâlders fiere moandei aksje yn Brussel. By de Europeeske lânbouministers sil omtinken frege wurde foar de lege molkprizen en protestearre wurde tsjin it ôfskaffen fan it molkkwotum.

Ut It Hearrenfean wei reizgje goed tritich boeren nei Brussel. Under harren is feehâlder Jaap Majoor fan Teridzert. Neffens Majoor is it foar Fryske boeren folslein ûnmooglik om foar wrâldmerkprizen te produsearjen, sa seit er. Hy wol it kwotum hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)