Elma de Vries wint 4 titels

24 maaie 2009 - 17:47
  • Elma de Vries (foto: Martin de Jong)

Elma de Vries fan Meppel, earder fan De Haule, hat op de lêste dei fan it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen op de baan yn Leiderdorp de fyfhûndert meter en de ôflossingskoers mei Bianca Roosenboom en Ria Westenbroek wûn.

Hjirmei pakte Elma de Vries dit wykein fjouwer titels. Earder wei se al de bêste op de 300 meter tiidrit en op de 10 km puntekoers. Op de oare twa ûnderdielen helle Elma de Vries it sulver: 15 km ôffalkoers en 1000 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)