Nij popfestival yn Ljouwert

De lokaasje fan it nije festival
Njonken de nije festivals Into the Great Wide Open op Flylân en Island op It Amelân krijt ek Ljouwert in nij festival. It festival Inside sil him rjochtsje op popmuzyk.
De line-up sil út nasjonale, regionale en bûtenlânske bands bestean. It nije festival is in inisjatyf fan MBN Music Marketing, boekingsburo Scorpio, poppoadium Romein en Immie Jonkman. Dêrnjonken wurkje ek oare regionale poppoadia mei oan Inside en ek de beide popopliedings yn Ljouwert.