Oanriding yn Raerd

24 maaie 2009 - 15:21

In 39-jierrige automobilist fan Raerd is sneon ferwûne rekke by in oanriding op de Hegedyk by syn wenplak. Hy waard oanriden troch in 52-jierrige ynwenner fan Jirnsum. Dy hie de oandacht der eefkes net by en rekke op de ferkearde helte fan de dyk.

In oanriding wie net mear foar te kommen. De ynwenner fan Raerd is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs fan Snits. De Jirnsumer kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)