Jonkje (2) falt fan trekker

24 maaie 2009 - 15:20

In twa-jierrich jonkje út Fryske Peallen is sneon ferwûne rekke by in fal fan in trekker. It jonkje foel troch de doar fan de kabine doe't syn heit in stik greide ynride woe.

Hy foel op de grûn foar de trekker dy't net mear op 'e tiid stopje koe. It jonkje is troch personiel fan de traumahelikopter stabilisearre en mei in ambulânse oerbrocht nei it akademysk sikehûs fan Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)