Fjochterij yn Oentsjerk

24 maaie 2009 - 13:39

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Oentsjerk fjouwer jonges út dat plak en ien út Gytsjerk oanholden, fanwege meardere fjochtpartijen. De plysje hie ferskate meldings krigen oer fjochterij by de jeugdsoas.

De plysje hat twa groepen jeugd dy't spul hiene delbêde. Mar it duorre net lang of de plysje moast der wer hinne. De wapenstôk en in plysjehûn moasten der oan te pas komme om de groepen útinoar te krijen. Letter gong it wer mis en moast de plysje wer komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)