Twa rekôrs by fierljeppen

De tredde fierljepwedstriid fan it seizoen smiet twa seizoenrekôrs op. Yn Burgum kaam Albert-Jan Venema út Feanwâlden by de jonges yn in nij persoanlik rekôr ta 16,96 meter. By de junioaren wûn Alwin Fonk út Burgum mei 18,35 meter.
De winst by de froulju gong nei Anna-Jet Leyenaar út Snits mei 14,36 meter. De grutste ferrassing kaam út de topklasse. Net favoryt Bart Helmholt pakte de titel, mar klupgenoat Hannes Scherjon mei in sprong fan 18,90 meter.