Cambuur-Zwolle útferkocht

24 maaie 2009 - 10:31

De kaarten foar de wedstriid fan Cambuur tsjin Zwolle op moandei binne allegear útferkocht. Sneintemoarn wiene der noch 250 kaarten oer foar de westtribune, mar dy binne dus ek al fuort. Dat betsjut dat der yn krekt wat mear as in dei mear as 10.000 kaarten ferkocht binne.

Cambuur spilet in beslissingswedstriid tsjin FC Zwolle yn de neikompetysje. As de ploech dy wedstryd wint, is Roda JC de folgjende tsjinstanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)