Langstme en de Dea wint Liet

24 maaie 2009 - 08:39
  • It Langstme en de Dea
  • Rob du Jardin

De band It Langstme en de Dea hat Liet 2009 wûn. Mei it nûmer 'Wikel' krigen se sawat fan alle sjueryleden de measte punten. Anne Ruurd Oosterwoud waard twadde mei 'Keal' en tredde waarden Yldau en Wiebe mei harren band. De publykspriis gie nei de Switser Rob du Jardin foar syn liet 'Dit is myn heitelân'. Hy is artyst en hat himsels it Frysk leard.

De dielnimmers oan de finale fan de 18e edysje fan Liet wiene selektearre nei fiif foarrondes mei 47 ferskes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)