Radioskip op de Waadsee

De Jenni Baynton is it iennichste radioskip yn Europa dat útstjoert op see. It skip fan Radio Waddenzee leit no sa'n twa wike op de Waadsee. Gewoanwei leit it yn de haven fan Harns en wurdt der útstjoerd fanút Pitersbierrum.
Spesjaal foar de HT-roeirace en de HT-sylrace hat de stjoerder it romme sop wer opsocht. It skip leit op it stuit tusken Harns en Skylge.