Foppe de Haan wint oeuvrepriis

23 maaie 2009 - 15:26
  • Foppe de Haan

Foppe de Haan hat sneon de oeuvrepriis fan de belangeferiening foar coaches betelle fuotbal krigen. Hy wurdt dêrmei eare foar syn grutte fertsjinsten en syn spesifike ynbring yn it Nederlânske betelle fuotbal.

De Haan is de fjirde winner fan de oeuvrepriis. Earder krigen Kees Rijvers, Piet de Visser en Wiel Coerver de ûnderskieding. De ûnderskieding waard útrikt op it trainerskongres yn Tilburch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)