Jonges oerfalle wenhûs

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon twa jonges fan 16 en 18 jier oanholden foar in wapene oerfal op in wenhûs oan de Beugel op It Hearrenfean. De twa bewenners binne dêrby bedrige mei in fjoerwapen.
De twa oerfallers hearden by in groep fan fjouwer. De oare dieders binne noch net pakt. De plysje wie der wol gau by nei oanlieding fan in tip fan in tsjûge. In syktocht nei de oare twa dieders mei in plysjehûn hat neat opsmiten.