Jonge yn it wetter smiten

© Omrop Fryslân
In ynwenner (14) fan Harns is freedtemiddei yn syn wenplak troch noch twa ûnbekende manlju yn it Van Harinxmakanaal smiten. Dat barde ta hichte fan de Keningsbrêge. De jonge hie krekt ôfskie naam fan twa freonen yn in boatsje en kaam dêrnei op it fytspaad twa manlju tsjin.
Nei in diskriminearjende opmerking fan ien fan beide manlju waard it slachtoffer samar yn it wetter smiten. De jonges yn de boat hearden har freon razen en ha him út it wetter oppikt.